Wat is in VOG? Novimber 2024
In 'Verklaring Omtrent het Gedrag' (VOG) is in dokumint dêr't út bliken docht dat jins gedrach yn it ferline gjin beswier foarmet om in spesifike taak of funksje te ferfoljen.
Út myn wurk wei moast ik fan myn wurkjouwer in ‘Verklaring Omtrent het Gedrag’ (VOG) oerlangje yn ferbân mei nije lanlike ôfspraken fan it bedriuwslibben mei de dûane. It heucht my net dat it my ea earder frege is.
Myn dwaan en litten leit besletten yn myn kulturele eftergrûn as ‘Frysk wêze’ yn de Fryske mienskip mei in eigen erkende offisjele taal. It seit ek wat oer myn identiteit. Dêrom wol ik de ‘VOG’ yn it Frysk oanleverje kinne.
In oanfraach fan de ‘VOG’ giet fia Justis.nl (Ministearje fan Justysje en Feilichheid) en dy kriget men allinnich yn it Nederlânsk. Dat is nuver om’t der twa offisjele talen yn Nederlân binne: it Nederlânsk en it Frysk. Is hjir sprake fan rjochtsûngelikensens? Dat moat oars, want de Fryske taal is in offisjele taal yn Fryslân njonken it Nederlânsk.
Hawar, earst op ’e siik nei in beëdige Fryske oersetter. En dêr is mar ien fan yn Fryslân en dat is mr. drs. Fedde Benedictus Dijkstra, by de arrondissemintsrjochtbank yn Ljouwert beëdige as oersetter fan de Dútske en Fryske taal. Ofrûne wike haw ik myn oersette ‘Ferklearring Oangeande it Gedrach’ (FOG) ophelje kinnen by dhr. Dijkstra. Sjoch foto boppe.
By neifraach oan dhr. Fedde Dijkstra docht bliken dat er net earder in Nederlânske VOG oersetten hat nei in Fryske FOG. Dit is de earste. Eins wol apart dat net immen earder - benammen yn de Fryske (politike) fermiddens - hjir in punt fan makke hat. Lit ús hoopje dat der in soad folgje meie.
Om it yn de takomst sa te regeljen dat by in oanfraach fan in VOG/FOG yn Justis njonken it Nederlânsk ek automatysk de Fryske taal as kartaal mooglik wurdt, sil dat bestjoerlik fêstlein wurde moatte yn de earstfolgjende nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK).
Bijdewee, foar de nijsgjirrige lêzers. Ut de skrining fan Justis docht bliken dat der gjin beswieren by my binne om de funksje út te fieren. En de Fryske 'Ferklearring Oangeande it Gedrach' (FOG) is opstjoerd en akseptearre troch myn wurkjouwer.