Fryslân en de striid om kulturele autonomy
Autonomy en desintralisaasje lykje no wichtige tema's foar ús Frysk eigen. Mar niks is minder wier. De oanstriid om kulturele autonomy is in oanstriid fan mear as 70 jier. Al flak nei de twadde wrâldoarloch yn 1949 wurdt der troch de Kommissaris fan de Keninginne in desintralisaasjekommisje ynsteld om de posysje fan Fryslân yn Nederlân te ûndersykjen en fanwegen it eigen Frysk karakter. De hjoeddeistige situaasje fan de Haachske kultuerele elite oant ûntkenning fan de eigene Frysk kulturele karakter, is einliks it ûntkennen fan de feitlike situaasje fan 1949. De ‘passive tolerânsje' fan de Nederlânske elite en har brekme oan erkentlikheid jegens it ferline seit genôch. Foargeande fases yn it ferline wurden definityf ôfskreaun, mei de bewurdingen: ‘Wat je niet wilt weten, daar zul je niet om vragen. En wat je niet vraagt, zul je niet te weten komen.’ Eltse minderheid spoort feiteliken de oerheid oan ta neitinken oer de kompleksiteit fan wat sich binnen de grinzen fan har lân ôfspilet.
Eins is it frjemd nei 70 jier fan oanstriid der allinnich noch mar praat wurdt oer kulturele autonomy. Wa en wat hat der foar soarge dat it net earder bard is. Myn betinkst komt der in parlemintariër provinsjale enkête oer dat Nederlân syn ferantwurdlikens net nimt foar syn eigen nasjonale minderheid en de minne resultaten fan de eardere foarstellen út de rapporten fan de advyskommisje fan de Ried fan Europa.
Europeesk parlemint stipet resolúsje oer Fryske taal en kultuer. Klik op link.