De Fryske taal is jo paspoart nei de takomst.

Taal fan it hert                                                                      (bywurke septimber 2023)
It Frysk is in âlde taal, âlder as it Nederlânsk (Alex Riemersma yn Trouw).
It Frysk is ús rykste kultureel, ymmaterieel en histoarysk erfgoed. Gjin erfgoed foar yn in museum mar in libbene taal dy't ek yn de 21e iuw noch folop brûkt wurdt! 
As wy sjogge nei de skiednis, ús striid foar lykweardigens en ynklusy, dan heart it Frysk gewoan sichtber te wêzen op offisjele identiteits bewizen. 

In ID-bewiis as paspoart is in samling gegevens oer in natuerlik persoan. Mar efter dizze gegevens leit in hiele libben ferburgen. De Fryske taal op jo ID-bewiis is folle mear as in samling wurden of klanken. It is in yntegraal ûnderdiel fan ús kultuer, identiteit en wêrst weikomst. It is jo identiteitsbewiis yn de wrâld.  


It Frysk spilet in wichtige rol yn ‘e provinsje. It is de memmetaal fan mear as de helte fan alle ynwenners en yn it deistich libben nimt it in wichtich plak yn. It Frysk wurdt op in soad plakken brûkt. Yn de supermerk, op skoalle, by de dokter, op de sportfjilden; oeral komst it Frysk tsjin. It is de taal fan thús, dêr’tst yn lakest of lilk yn bist. Frysk is de taal dy’t foar Friezen tichteby it gefoel stiet. Dizze eleminten soargje foar werkenning, en tanksij dy werkenning wekke se fertrouwen op: 'Hé, dy persoan sprekt sa 't ik, dus hy is sa as ik'. Mei oare wurden, foar de Fryske mienskip is de Fryske taal wichtich, net allinne as sprektaal mar ek as skriuwtaal.  It is de taal fan it hert. 


Sichtberens
Hoe kin bygelyks ús erkende Fryske taal sichtber makke wurde op offisjele dokuminten en op ús ID-Bewiis?  Wat moat der barre om dat ris foarinoar te krijen? Fryslân is twatalich en dus – sa soe men ferwachtsje – spylje Frysk en Nederlânsk in min ofte mear lykweardige rol yn it deistich ferkear. Hawar, it liket allegear sa fansels en dochs is dat alderminst it gefal. Nim no ús identiteitsbewizen, lykas de identiteitskaart, it paspoart of it rydbewiis. Dy binne yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frânsk, it Frysk stiet der net op, dus bestiet it net. Dat moat oars. It sichtber meitsjen fan ús erkende taal op ús ID-bewizen past yn it ramt fan taalemansipaasje en ynklusy. Tagelyk is it ek statusferheegjend, wat wer in posityf effekt hat op oare beliedsdoelen lykas it ûnderwiis yn it Frysk. It soe in grutske taalstap wêze yn ús emansipaasje striid?


Europa
Neffens de paspoartwet, it beslút en de regeling dat der by heart kin de minister fan Ynlânske Saken op fersyk fan Provinsje Fryslân de regeling fia Europa oanpasse litte. En njonken NL, EN en FR, it Frysk (FRL) opnimme litte op offisjele dokuminten. Juridyske beswieren kinne der net wêze. Neffens EU regels moat it gean om offisjele talen fan in EU-lidstaat. 

In goed foarbyld is Great-Brittannië as it Feriene Keninkryk. Sûnt 2010 binne de Welshe en Skotsk-Gaelyske talen opnommen op ’e titelside yn alle Britske paspoarten ta ferfanging fan oare offisjele talen fan de EU.

It Keninkryk België hat trije offisjele talen op har paspoart stean; it Nederlânsk (Flaanderen), Frânsk (Wallonië), en Dútsk (East-België). Ofhinklik fan wêr'tst wennest stiet dy taal as earste neamd op it identiteitsbewiis.

De lanlike oerheid, Europa en Provinsje Fryslân wolle de Fryske taal yn stân hâlde en befoarderje. Dêrom wurdt it Frysk troch de wet erkend as offisjele taal yn Fryslân. Bewenners hawwe it rjocht om yn Fryslân it Frysk te brûken en as der in reden foar is har ek as Frysk identifisearje te wollen kinne. Bygelyks by de rjochtbank as yn kontakt mei de gemeente as yn kontakt mei de dûane. Op dizze wize beskermje we yn Europa de ynklusy fan minderheden en de kulturele rykdom fan Europa. As wy troch de Ryksoerheid en of Europa ús memmetaal net yn offisjele ID-bewizen sichtber útdrage meie, wurden wy ynstitúsjoneel diskriminearre en dêrmei emosjoneel te koart dien. 


vID (virtueel Identiteits Document)
De ryskoerheid is op it stuit dwaande mei in digitale fariant fan de fertroude paspoart of identiteitskaart yn de foarm fan in app op jo smartphone. Dizze digitale identiteit moat yn 'e takomst foldwaan oan deselde betrouberheidseasken as it hjoeddeistige paspoart en identiteitskaart foar it brûken yn 'e fysike én digitale wrâld. Mei de vID fasilitearret de oerheid yn de takomst in oare foarm fan identiteitsferifikaasje. Yn it ûndersyk wurdt ek it belang fan 'inclusie' neamt. It opnimmen fan de Fryske taal op in digitaal identiteitsbewiis past yn neamde doelstellings fan dy ynklusy. 


Us gedrach is ôfhinklik fan ús besluten, net fan ‘e omstannichheden
Wa't pro-aktyf is makket karren op grûn fan ferlet en wa't re-aktyf is, lit him regearje troch de omstannichheden. It soe fan in pro-aktive hâlding sjen litte as de Fryske oerheid  it (digitaal) sichtber meitsje fan it Frysk op in ID-bewiis progressyf oppakt.  

Litte wy Friezen yn de nije wrâld sjen en ús taal útdagings proaktyf oppakke. 

De Fryske taal is jo paspoart nei de takomst.

(Sjoch ûnder foar de politike fuortgong)