Wêrom de ferklearring fan ôfstân      

 
Ofstân dwaan fan de Nederlânske Nasjonaliteit. Dat docht men net samar. Guon sille grif tinke: wêr bisto yn ’e goedichheid mei dwaande.
 
Eefkes in stapke tebek. Ik bin fan betinken dat de wrâld boeiend, fassinearjend en gelokkich faak ek moai is. En dat ‘aardige’ fan dy wrâld hat yn foarste plak te krijen mei it feit dat der safolle fariaasje is en dat der in soad kultueren en ‘identiteiten’ binne. Yn Europa en sels allinnich al yn de Benelux binne der ferskate kultueren. En soe it net in ramp wêze as al dy identiteiten ferdwine moasten en wy allegearre kloanen wêze soene yn in globalisearre ienheidskultuer?
 
Ien fan dy fassinearjende kultueren is fansels ús eigen Fryske kultuer mei syn romroft ferline. Ik soe net graach wolle dat dy wei waard. Der moat net ien grutte ienheidswoarst ûntstean. Ik hâld fan kulturele fariaasje. Sadwaande heart by dat ferskaat ús eigen kultuer mei syn tradysje, taal, skiednis, folksaard, dus ús eigen folksidentiteit. Koartsein, de Fryske eigenheid.
 
It soe dochs mooglik wêze moatte om anno 2021 troch dialooch en oerlis al dy ferskillende identiteiten yn Nederlân, de Benelux en Europa in goed en eigen plak te jaan. Ik stribje nei harmony, ek yn Europa: der is ommers ek noch genôch ellinde yn de wrâld. By it skeppen fan in nij Europa soene wy dus útgean moatte fan de regio’s mei in eigen taal en kultuer, fan de mienskippen fan frije folken, dus fan folksnaasjes. En net fan in Europa dêr’t de naasjesteaten of steatsnaasjes it meast foar it sizzen hawwe. De grinzen dêrfan binne almeast ûntstien troch oarloch en geweld op kosten fan folken dy’t dêr net om frege hawwe.
 
De earste dy’t in formele erkenning krige foar syn Fryskwêzen, wie Doekele Brouwer, yn 1951. Hy joech by it ynskriuwen fan in firma yn it Hannelsregister (Keamer fan Keaphannel) op dat er de Fryske Nasjonaliteit hie en Nederlânsk Steatsboarger wie. De kantonrjochter te Ljouwert koe it dêrmei lykfine.
 
Mear as in heale ieu letter, op 1 juny 2005, wurdt it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden yn Europa troch Nederlân ratifisearre, wêrby’t de Friezen yn Nederlân as nasjonale minderheid (en dus yn harren folksnasjonaliteit) erkend wurde.
 
Tsja, as de Nederlânske Steat formeel A seit, dan soed er fansels juridysk ek B sizze moatte.
 
Yn maart 2006 waard ik by de gemeenteferkiezings yn Achtkarspelen keazen as folksfertsjintwurdiger foar de FNP. Ik moast om in ûnkostefergoeding krije te kinnen, myn hantekening sette op in formulier foar de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) dêr’t op stie dat ik de Nederlânske Nasjonaliteit hie. Dat woe ik allinnich dwaan as der stean soe dat ik Nederlânsk Steatsboarger wie mei de Fryske Nasjonaliteit. Mei seis arguminten haw ik dat ferdigene. Us gemeente hat it foarlein oan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten  (VNG). Dy woe dêr net oan meiwurkje.
 
Op 23 april 2007 haw ik dêrom as Fries by boargemaster Lyklema fan de gemeente Achtkarspelen ferklearre dat ik offisjeel ôfstân die fan myn Nederlânske Nasjonaliteit. As reden haw ik opjûn dat ik inkeld de Fryske Nasjonaliteit hawwe woe en wol as Nederlânsk Steatsboarger. Sa hâldt men it kulturele en it politike útinoar.
 
Yn syn oarsprong komt it wurd ‘naasje’ fan it Latynske ´natio´ en betsjut ´berte´ (´nascor´ = berne wurde, ôfstamje, ûntstean, groeie) en betsjut sokssawat as ‘memmelân’. In ‘naasje’ is djip woartele yn de kultuer en skiednis fan in folk en befettet de wêzentlike eleminten fan de identiteit dêrfan. Nederlân keppelet it begryp ‘nasjonaliteit’ neffens my ûnrjochtlik allinnich oan de steat (steatsnasjonaliteit) en net oan in folk (folksnasjonaliteit). Soks tsjûget nèt fan respekt foar it bestean fan in folk mei in eigen taal, kultuer en folksidentiteit, dus foar de Friezen en it Frysk. Ik beskôgje de Fryske kultuermienskip en Fryslân as myn naasje. It sintralistyske De Haach mei syn ienheidssteatideology moat ophâlde mei syn Thorbeckiaanske strukturele tsjinwurking en yndoktrinaasje. Dat rint op ‘e doer út op in ‘palliative sedaasje’ fan ús Fryske Eigenheid.
 
Sjoch ûnder de formele tekst fan de ferklearring fan ôfstân dy't ik tsjinoer boargemaster Lyklema fan de gemeente Achtkarspelen foarlêzen haw.

 Sjoerd Groenhof 


Ferklearring fan Ofstân

Ferklearring fan ôfstân.                                                                    23-04-2007
 
Ik, Sjoerd Groenhof berne op 10-07-1963 te Ljouwert as Fries yn Fryslân, út Fryske âlders en op Fryske grûn, wêrfan it neiteam fier werom giet. Ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen en wenjende op ‘e Harkema. Hjirby doch ik as erkende Fries de ferklearring fan ôfstân fan de Nederlânske Nasjonaliteit as Nederlânsk Steatsboarger dit ten oansjen foar de Boargemaster fan gemeente Achtkarspelen dhr Lyklema.

De reden fan dizze ferklearring fan ôfstân is dat ik gjin dubbele nasjonaliteit hawwe wol as allinnich de Fryske Nasjonaliteit dit as Nederlânsk Steatsboarger. Dit op basis fan ûndersteande juridysk erkende rjochtheidsbegjinselen.
 

Fries erkend as Nasjonaliteit

 
1.      Sjoerd Groenhof is Berne as Fries, út Fryske âlders en op Fryske Grûn wêrfan it neiteam fier werom giet.

2.      De Friezen ien fan de âldste folk is fan W-Europa en de Fryske taal erkend is as ryksstaal.


3.      Utspraak Kroon/Rjochter!

“Fries” is een nationaliteit.
In de opgaaf voor het handelsregister van de Firma Doekele Brouwer te Sint Jacobi Parochie stond achter de vraag omtrent nationaliteit: ‘Friesch’ (Ned. Staatsburger). De Kamer van Koophandel verzocht om doorhaling van ‘Friesch’ en vervanging door “Nederlandse”.
 
Doekele Brouwer verklaarde echter, dat hij van Friese nationaliteit was: “Ik ben geschapen als Fries, geboren uit Friese ouders en op Friese grond”.
 
De Kroon (rechtshof): Doekele is Nederlands staatsburger en van Nederlandse nationaliteit”.
 
Het verzoek van de Kamer van Koophandel is desondanks afgewezen. Doekele had namelijk verklaard: “Ik ben lid ener Gereformeerde kerk en weet mij als Christen gehouden tot gehoorzaamheid aan de overheid, doch daarop is bij mij één uitzondering mogelijk, namelijk dat ik God méér heb te gehoorzamen dan mensen”.Een dergelijke uitzondering achtte hij hier aanwezig en hij zei gewetensbezwaar te hebben tegen de medewerking aan de verandering der opgave, aangezien God hem als Fries had geschapen. Dit gewetensbezwaar werd door de Kroon erkend. Jurisprudentie: Kantongerecht Leeuwarden, 16 januari 1951, kenmerk; N.J. 1951, 191.
 
 
4.      Friezen Nasjonale Minderheid 1 juny 2005.

It Ramtferdrach Nasjonale Minderheden is in ferdrach dat op 1 febrewaris 1995 troch de leden fan de Ried fan Europa sletten waard. Nederlân hat it ferdrach ek op dy datum ûndertekene. Pas op 30 novimber 2004 waard it útstel ek oannommen troch de Earste Keamer. Op 16 febrewaris is it ramtferdrach troch Nederlân úteinlik ratisifisearre en is fan 1 juny 2005 fan krêft wurden. Dêrtroch binne de Friezen no yn Nederlân en Europa erkend as echte nasjonale minderheid. It ferdrach hat betsjutting foar de (minske) rjochten lykas it frij brûken fan jins eigen taal, kultuer en identiteit. It wurd ‘nasjonaal’ yn it ferdrach fan Nasjonale minderheid fan de Friezen wol sizze dat se der foar alle Friezen binnen, en dat Friezen dêrby as ‘natio’, as folk sjoen wurde.
It doel fan it Ramtferdrach is it beskermjen fan de rjochten fan nasjonale minderheden en har juridyske erkenning binnen de ferskate lannen. It Ramtferdrach wol de folsleine en effektive gelikensens fan nasjonale minderheden fuortsterkje troch betingsten op te stellen dy’t it har mooglik meitsje har kultuer te beskermjen en te ûntwikkeljen en har identiteit te behâlden. De Steat der Nederlannen ferplichtet him hjirmei om te wurkjen oan it behâld, it earbiedigje mar ek passende betingsten skept foar fierdere ûntwikkeling om de Fryske eigenheid as nasjonale minderheid, sa as yn de kaderferdrach oanjûn wurd, út te drukken.
Op basis fan it goedkarren fan it  kaderferdrach erkenne hja no dat der op niisneamde grûnen sprake is fan in Fryske nasjonaliteit. Binnen de Nederlânske Steat binne der no twa erkende nasjonaliteiten. Wy Friezen hawwe as Nederlânsk Steatsboarger de Fryske nasjonaliteit. Dizze ûntjouwing is sûnder twifel wichtich foar Fryslân en in soad Friezen is wit hoe wiis mei dizze erkenning.


5.      Universele Ferklearring fan de rjochten fan de minske
Op basis fan artikel 15 en 17 fan de Universele Ferklearring fan de rjochten fan de minske, it Europeesk kaderferdrach fan 1994 ynsake de beskerming van nasjonale minderheden en Europeesk hof foar de rjochten fan de minske.
Art. 15.
·         Ieder mens heeft recht op zijn eigen nationaliteit.
·         Niemand mag willekeurig worden beroofd van zijn nationaliteit, noch van het recht van nationaliteit te veranderen
Art. 17.
·         Ieder persoon, hetzij alleenstaand of tot een collectiviteit behorend, heeft recht op eigendom.
·         Niemand mag op willekeurige wijze uit zijn eigendom ontzet worden.
·         De bescherming van nationale minderheden.
De Raad van Europa nam in 1995 het Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden aan. De verdragsluitende partijen verplichten zich de doelstellingen van het Verdrag na te streven door middel van wetgeving en beleid op nationaal niveau. Hierbij moet gedacht worden aan gelijkheid voor de wet, behoud en ontwikkeling van culturen, bescherming van identiteit, godsdienst, minderheidstalen en tradities. Europese staten die zich willen committeren aan de bescherming van streektalen of talen van minderheden kunnen het desbetreffende Europees Handvest uit 1992 ondertekenen.

·         Europese Verdrag voor de Rechten van de Mens (EVRM)
Verdrag is ten behoeve van de internationale handhaving voor het Europese Hof voor de Rechten van de Mens ingesteld. Staten en individuele burgers kunnen, ongeacht hun nationaliteit, een klacht indienen bij het Hof in Straatsburg indien zij van mening zijn dat verdragsluitende staten de in het Verdrag vastgelegde rechten hebben geschonden.
 
6.      Beswier fan gewisse (gewetensbezwaar)
 
Ik berop my op beswier fan gewisse, om my earne yn te skriuwen en te úterjen mei in oare nasjonaliteit dan de Fryske.
 
 
Konkreet myn eask: Yn ferbân mei boppesteande wol ik registrearre wêze en wurde yn it Gemeentlike Basisadministraasje Achtkarspelen as nasjonaliteit "Fries' dit as Nederlânsk Steatsboarger.

            Achte hear Lyklema, boargemaster tige tank foar jo reewilligens.
Lit my einigje mei de wiere wurden fan de dichter en skriuwer Obe Postma.
Ik bin fan it Fryske lân in bern, gjin lid, dat ek betankje kin. Dat is net oars.
 
Taljochting,
Mei myn Nasjonaliteit 'Fries' bin ik Nederlânsk steatsboarger, mei de rjochten en plichten dy’t dêrby hearre.
 
Mei rju achtinge,
 
Sjoerd Groenhof
De Harkema, Fryslân

Fraachpetear oer de ferklearring fan ôfstân by Faktor Freed fan Omrop Fryslân