Wolkom op de webside

 Wiis mei Fryslân

Achte besiker, tige wolkom op dizze webside. 

It doel fan dizze webside is om jo op in leechdrompelige wize yn 'e kunde komme te litten mei de emansipaasjestriid fan de Fryske taal en de Fryske identiteit yn in hieltiid mear globalisearjende wrâld.

De Fryske Mienskip

Om yn frijheid libje te kinnen is ferbûnens 
meiinoar needsaaklik.
Dat is de grûnslach fan ús Fryske skiednis
en ús takomst.
Lit dat ek de krêft wêze fan ús 
kulturele identiteit.
Ek al binne wy hjir net allegear berne, wy tekenje
jerne as 'Fries' mei oertsjûging.

  

As jo oer Fryslân prate tinke in soad minsken daliks oan dy oare taal, oan de âlvestêdetocht, wynmûnen, fierljeppen, keatsen, karbytsjitten, aaisykjen, bearenburch, Abe Lenstra, noorderhaven yn Harns, Eise Eisinga planetarium, wetterpoarte yn Snits, ús waadeilannen, de wâlden, sûkerbôle, Fryske dúmkes, betinking reaklif, âlde feanen te Earnewâld, ús tradysjes, ensafuorthinne.


Wy meie tige wiis wêze mei dizze prachtige pearels en dêr kin net genôch oer sein wurde. Oan 'e oare kant wolle wy it ek graach behâlde yn in feroarjende lânskip, skaalfergrutting en iepen grinzen polityk troch Europeeske wet en regeljouwing.  Yn hoefiere is dizze feroaring fan alle tiden of is dizze feroaring in knellende ûntwikkeling? Feroarret yn sa'n kanteljende lânskip ek ús kulturele identiteit?

Takomstbestindich

Hawar, stagnaasje betsjut ferfal, dus oan 'e bak en ta nei duorsume fernijing en fierdere emansipaasje. En we wolle net opskeppe ofsa, mar wy kinne dat. Friezen dogge alles nammentlik krékt efkes oars. Krekt efkes wat relakster, logysker, nofliker en alles op syn tiid. Wat eigensinniger ek, en wat stadiger miskien, mar ek wis wat frijer!  We dogge sa’n bytsje alles hast itselde as de rest fan Nederlân, mar dochs meitsje al dy lytse ‘krekt-oarsen’ meiinoar Fryslân folslein oars. Dêrom is ús karakter ek sa ûngrypber foar in soad Nederlanners. De rest fan Nederlân kin ús en ús "fratsen" mar lestich definiearje, om’t wy dingen no ienkear op ús wize dogge. 

 Eltse ferbettering is in feroaring, eltse feroaring is gjin ferbettering

Ik bin fan betinken dat de wrâld boeiend, fassinearjend en gelokkich faak ek moai is. En dat ‘aardige’ fan dy wrâld hat yn foarste plak te krijen mei it feit dat der safolle fariaasje is en dat der in soad kultueren en ‘identiteiten’ binne. Yn Europa en sels allinnich al yn de Benelux binne der ferskate kultueren. En soe it net in ramp wêze as al dy identiteiten ferdwine moasten foar in twongen keunstmjittige Europeeske identiteit en wy allegearre kloanen wêze soenen yn in opleine globalisearre ienheidskultuer? Want sis no sels dy rjochting draait it sa stadichoan al op en ûnderwilens sjochst dat de Ingelske taal neist it Hollânsk hjir hieltyd faker foar master opslacht. Alle sprankeljende "lytse fûgeltjes" sille -as wy sa troch gean- de kommende desennia ferdwine en de grutte kleurleaze "raven en kobben" oanstjoerd fanút Brussel bliuwe oer.

Ien fan dy fassinearjende kultueren is fansels ús eigen Fryske kultuer mei syn romrofte ferline. Ik soe net graach wolle dat dy wei waard. Der moat net ien grutte ienheidswoarst ûntstean. Ik hâld fan kulturele fariaasje. Sadwaande heart by dat ferskaat ús eigen kultuer mei syn tradysjes, taal, skiednis, folksaard, dus ús eigen folksidentiteit. It sichtber meitsjen fan ús folksidentiteit as erkende nasjonale minderheid past yn dat kulturele ferskaat. Tagelik is it ek status ferhegend, wat wer in posityf effekt hat op oare beliedsdoelen lykas it Frysk ûnderwiis.

Erkenning

It Frysk yn Nederlân hat sûnt 1955 in offisjele status. Yn 1955 waard de wet-Cals foar it Frysk yn it ûnderwiis oannomen, yn 1956 waard it Frysk yn it rjochtsferkear as taal talitten. Yn 1996 waard it Europeesk Ferdrach foar Regionale Minderheidstalen oannommen. Ynstânsjes lykas it Ministearje fan Ynlânske Saken en 'Veilig Verkeer Nederland' binne anno 2022 al 67 jier bekend mei it feit dat it Frysk in offisjeel erkende taal is. De Nederlânske oerheidsynstânsjes hawwe de ferplichting de Fryske taal yn al syn fasetten en op alle domeinen serieus nimme.
 
Yn 2004 folge de ûndertekening fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ek wol Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden neamd) en is in ferdrach fan de Ried fan Europa. Yn 1949 kaam it ramtferdrach foar it earst op it aljemint. It duorre lykwols oant 1990 ear't it wer in wurklistpunt wurde soe yn't Europeesk parlemint. De leden fan de Ried fan Europa koenen op 1 febrewaris 1995 tekenje, it ferdrach waard jildich op 1 febrewaris 1998. It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten en it bewissigjen fan it fuortbestean fan nasjonale minderheden yn de krite dêr't sy wenje. It ramtferdrach stipet folsleine lykberjochtiging fan nasjonale minderheden troch it mooglik meitsjen fan goede betingsten foar de kulturele ûntjouwing en behâld fan identiteit. It lânsregear mei de nasjonale minderheid net beheine op it stik fan taal, ûnderwiis en media. It Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft. 


Dus sûnt 2005 binne Friezen troch Brussel en it Nederlânsk regear formeel erkend as nasjonale minderheid. As erflitter fan ien fan de âldste folken út de noardlike Europeeske kontreien achtsje ik it in ûnrjocht dat anno 2022 dy erkenning  ‘Fries’ noch altiten net sichtber  is op ús ferskate identiteitsbewizen en yn de basisadministraasje fan de oerheid. Nederlân erkend dochs ek dûbelde nasjonaliteiten?

It paad fan emansipaasje en ynklusy

In soad Friezen (sjoch loyaliteits-petysjelist) wolle neist harren formele Nederlânske steatboargerskip de Fryske erkenning as nasjonale minderheid jerne sichtber hawwe wolle om't it wat seit oer har identiteit. Ik tink dat wy as Friezen it rjocht hawwe moatte om yndividueel foar ússels te beslissen oft wy as Nederlânske Steatsboargers ús (folks) nasjonaliteit mei it wurd ‘Fries’ oanjaan wolle. Bygelyks op in identiteitsbewiis en yn de basisadministraasje fan de oerheid. Dat soe dochs mooglik wêze moatte? Sûnt de formele erkenning haw ik eins in dûbelde nasjonaliteit. Mar myn pas seit dat ik de Nederlânske nasjonaliteit ha. Mar ik ha gjin papieren dy't oantoane dat ik yndie ek in Fries bin. Op ta fierdere emansipaasje. Der soe bygelyks in offisjeel dokumint komme moatte dêr't ynstiet dat ik de Fryske nasjonaliteit ha. Miskien in oanpaste pas. Of ien derby, echt in skaaimerk fan in dûbelde nasjonaliteit. In goede saak foar it Frysk bewustwêzen en nedich om te oerlibjen yn in twingender 'Europeesk' lânskip. Want foar in grutte groep minsken is dy Fryske identiteit net konkreet, taastber en sichtber genôch. In progressyf Frysk bewustwezen hat ek in posityf effekt op ús Fryske taal en kultuer.

Diskriminaasje

As wy dizze nasjonale erkenning net yn offisjele dokuminten sichtber útdrage meie, wurden wy ynstitúsjoneel diskriminearre en hjirtroch emosjoneel te koart dien. Nasjonaliteit is in gefoelskwestje, de earste grûn ta it Fryskwêzen is ommers lein yn it bernehert: op memmeskurte en heiteknibbels. In offisjeel papier soe in oantrún wêze kinne, in befêstiging dat ús kulturele indentiteit mear te betsjutten hat as it praten fan in oare taal. Juridyske beswieren kinne en meie der net wêze: Nederlân en Europa erkenne dochs mear as ien nasjonaliteit?

Kampus Fryslân

 Dizze website kin in oanrikkemandaasje wêze en in boarne fan ynspiraasje foar (skiednis) studinten en eltsenien dy’t noed hat oan mear kennis omtrint de oanhâldende striid foar Fryske emansipaasje.

Bodders yn de Fryske striid

Dizze webside wurdt opdroegen oan alle Frysksinnige foaroanfroulje en foaroanmannen  dy’t har de lêste desennia sa ynset hawwe foar de Fryske saak yn al syn fasetten. 
                                                                                                                                Sjoerd Groenhof

History of the Frisians in the Netherlands, Starting 2000 BC then every year. Klik op Film --> 

Bestiet de Fryske Identiteit?

De Fryske identiteit is om en om beskreaun. Op 1 juny 2005, waard it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden yn Europa troch Nederlân ratifisearre, wêrby’t de Friezen yn Nederlân as nasjonale minderheid (en dus yn harren folksidentiteit) erkend wurde. 


Friezen ienichste offisjele nasjonale minderheid





Riedslid Groenhof easket sichtberens Fryske Nasjonaliteit.






Loyalisteits-petysjelist. 

Wy Friezen binne in erkend nasjonale minderheid. Sûnt 2005 wurdt dat ek by ferdrach erkend. Wy binne sadwaande in erkend ‘folk’, mei in eigen taal en kultuer. It iennichste yn Nederlân. As erflitters fan ien fan de âldste folken út de noardlike Europeeske kontreien achtsje wy it in ûnrjocht dat it nasjonaliteitsbegryp ‘Fries’ noch altiten net in plakje krije kin op in paspoart of yn de gemeentlike administraasje. Fine jo dat ek? Dan kinne jo dêroan meihelpe troch jo namme te setten op de loyaliteits-petysje list. Sjoch link wa't jo foar gong binne.