Bestiet de Fryske identiteit?


It hat gjin sin en slachtsje it begryp (folks) identiteit hiel wiidweidich út. De identiteit en eigenheid fan in folk stiet op twa wichtige pylders: it kulturele en taalkundige erfgoed. De gelikensens dy’t men as yndividu mei oare yndividuen fan itselde folk hat. In folk dat har net mear beroppe kin op har mienskiplik erfgoed, heft har sels op. Der is dan gjin sprake mear fan in nasjonale ienheid, mar fan in losse oanienskeakeling fan in yn har sels kearde yndividuen. Hjirmei hefst ek de noarmen en wearden fan san mienskip op.

De Fryske identiteit is om en beskreaun. Op 1 juny 2005, waard it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden yn Europa troch Nederlân ratifisearre, wêrby’t de Friezen yn Nederlân as ienichste nasjonale minderheid erkend en befestige wurde yn harren identiteit.

Mar eins wol ik my ûntslein achte fan de plicht te beredenearjen dat der in Frysk folk bestiet. Want de skiednisboeken en de literatuer stiet der fol fan, en dus is it sa. Sa pragmatysk moatte wy der tink mei omgean en net besykje ús holle te brekken oer fragen hoe grut dy groep Friezen dan wol wêze mei en oan hokker skaaimarken dy allegearre wol net beanderje moatte, wolle se as in folk beskôge wurde.
 
Oer Friezen wurdt al mear as 2000 jier skreaun, de Fryske identiteit bestiet!

Sjoerd Groenhof, 2007


Fraachpetear mei Leo Blokhuis, serie Achter de Dijken oer de Fryske identiteit. Klik op film.