It Gronysk Relativearrings Syndroom.
Gauris komst yn ferbân mei it Frysk minsken tsjin dy’t "tuike tuike" stadichoan en mei ferdrach it Frysk stypje wolle. It binne de beropsoptimisten tsjin better witten yn. De Frânske psychiater en skriuwster Lydie Salvayre, skriuwt dêroer: fatsoen is abslút in betingst foar in goed petear, mar te folle fatsoen skeint (fake,nep). Ast gjin ien foar de holle stjitte wolst en alle útspraken fan de oar de muoite wurdich fynst, ast altyd freonlik harkest en op alles freonlik yngiest, ast koartsein de yndruk joust datst it oeral mei iens bist, rinst it gefaar datst nearne oer út sprekst en troch de bûtenwrald as in sleauwenien sjoen wurdst. Sa giet sy noch in eintsje troch en ien fan har konklúzjes is, dat ast dy fan in soad fan de sa krekt neamde ballêst befrijd hast, datst dy dan pas oan in identiteit ferbine kinst.
Tuikers
Der binne in soad tuikers by de Fryske oerheid as it om de Fryske eigenheid giet. Mei-inoar smoare se it Frysk mei har semi-yntellektuele kwânskwize praterij en kosmopolityske skriuwerij. Eins is it frjemd dat sy mei harren grutte tal en navenante ynfloed yn 20-25 jier no net it meast mei it Frysk beskrept hawwe. Sa binne de oanbelangjende organisaasjes mei as besteansreden it Frysk aardich groeid, mar de besteansreden sels krimt alle dagen. Tuikers binne it, de iepenheid fan in jiske-amer mei in swier deksel. De siel en emoasje liket dan út harren lichem ferdwûn troch it Gronysk Relativearrings Syndroom.
Wês Grutsk
Doe't Nelson Mandela presidint waard fan Súd-Afrika hat er in tekst fan de Amerikaanske Marianne Williamson yn syn ynaugurele rede ferwurke: "Us djipste eangst is net dat wy ûntarikkend binne. Us djipste eangst is dat wy ûneinich machtich binne. It is ús ljocht, net ús tsjusterens, dêr’t wy it alderbenaudste foar binne. Wy freegje ús ôf: wa bin ik dat ik briljant, bûtengewoan oantreklik, talintearre en geweldich wêze soe? Mar wêrom eigentlik net ? Wy moatte ús net lytser foardwaan as dat wy binne sadat de minsken om dy hinne harren fral net ûnwis fiele soene. As wy ús Fryske eigenheid grútsk útdrage en ús identiteit sjen litte kinne, dan jouwe wy oaren ynwenners fan Fryslân ûnbewust tastimming om dat ek te dwaan. As wy befrijd binne fan ús eigen eangst, dan befrijt ús oanwêzigens automatysk oaren".
It fuortsterkje fan it selbewustwêzen fan de Friezen is moreel ek te rjochtfeardigjen omdat de âldste spoaren fan de Frisian populaasje (proto –Frisians) yn de legelânen 2500 jier tebek giet. Dat makket de Friezen ien fan de âldste “noch hieltyd libbene en fuortbesteane” folk yn Europa, wat mei it each op de tanimmende mobiliteit fan ús maatskippij al in lyts wûnder hite mocht.
As jo krekt as my fine dat de erkenning fan ús kulturele identiteit (nasjonaliteit) ek op ús offisjele identiteitsbewizen en yn de basisadministraasjes fan de oerheid sichtber wêze moatte kinne as kar mooglikheid, en skaaimerken fan de Fryske taal op ús ID-bewizen dan kinne jo hjir de loyaliteits-petysje mei ûnderskriuwe. Sa helpe jo mei om yn de takomst ús Fryske kulturele identiteit ek formeel te registrearjen. Sjoch ek op de petysjelist fan minsken dy’t jo al foargong binne. Klik hjirûnder op de link Loyaliteits-petysjelist.